Faakstelde fragen

Hjir kinst antwurden fine op de fragen dy't wy it faakst te hearren krije fan de minsken om ús hinne. Dat skeelt wer in mailtsje!

Wy fertsjinje neat oan de produkten dy’t wy ferkeapje yn de Bôle webshop. De ûnkosten wurde fansels betelle mar de rest fan de opbringsten geane nei in goed doel, bygelyks lânnen as Afrika wer’t minsken honger hawwe. Dizze opbringsten bringe wy it leafst yn de foarm fan echte fysieke bôle by de minksen mar at dit te lestich wurd troch lokale omstannichheden dan soargje wy derfoar dat sy it krije as finansjele bydrage.

It is net sa dat wy mear oan de djoere fariant fan in produkt fertsjinje en de produkten dysto bestelst binne ek nogris presys itselde. Wat is dan it ferskil? Dat sit him yn de bydrage dy’t nei it goede giet. By de Oprjochte Fries fariant is dizze in stik grutter en kinne wy fan mear betsjutting wêze foar minsken dy’t it minder goed hawwe. Dat fielt gewoan alderferskuorrendst lekker. En wa wol no net in Oprjochte Fries weze, blinder!

Dyn bestelling ôfhelje kin yn Thialf – Pim Mulierlaan 7, it Hearrenfean. Bôle is ûnderdiel fan DBK | Masters in Online Business en yn harren kantoar leit dyn bestelling klear. Asto ‘Sels ôfhelje’ as ferstjoermetoade keazen hast by it ôfrekkenjen silsto fia de e-mail berjocht krije oer in datum en tiid sadra ‘t dyn oarder klear leit.

  • Fergees ferstjoere fan €100,- ôf
  • Stypje in goed doel mei elke oanskaf
  • Dyn bestelling binnen 10 wurkdagen yn hûs